Knappe oerwinning ONS Snits op Kozakken Boys

ONS Boso Snits pakte sneon in tige knappe 2-0 oerwinning op de nûmer twa Kozakken Boys. Op eigen fjild sette Yumé Ramos de iepeningstreffer nei in healoere op it boerd. Danny Kampstra tekene yn de 39e minút foar de 2-0 rêststân. Yn de twadde helte soarge keeper Richard Strijker der mei poerbêste rêdings foar de Snitser foarsprong te behâlden. Martijn Roosenburg hie yn de slotfaze de kâns op de 3-0, mar hy miste.
Troch de knappe ploechprestaasje komme de Snitsers op 27 punten út 25 wedstriden. De ploech fan trainer Richard Karrenbelt docht dêrmei goede saken yn de striid tsjin degradaasje.