Swierbefochten winst Harkemase Boys by Genemuiden

Harkemase Boys pakte sneon in 1-0 oerwinning yn en tsjin Genemuiden. De Harkiten hiene it dreech om ta skoaren te kommen. Pas yn de twadde helte wie it Robert Stelpstra dy't yn de 63e minút de iepeningstreffer op syn namme skreau. Noch gjiin fiif minuten letter mochten de Boys fan alve meter oanlizze, mar Robin Huisman de Jong miste de strafskop en fersomme sa om de Harkiten op 2-0 te setten. De ploech fan trainer Jan Vlap slagge der mei de nedige muoite yn om de swierbefochten winst oer de streek te lûken.
Troch de oerwinning komme de Harkiten op 51 punten út 21 wedstriden en komt it kampioenskip yn de haadklasse hiel tichtby.