Pieter-Jan Postma einiget as fiifde by Sofia Cup Mallorca

Pieter-Jan Postma © Robert Deaves
Finnsiler Pieter-Jan Postma is as fiifde einige by sylstriid om de Sofia Cup yn it Spaanske Palma de Mallorca. Postma stie foarôfgeand oan de medaljerace fan sneontemiddei fiifde en makke noch kâns op in poadiumplak. Hy rêde it lykwols net op. Hy waard sânde en bleau dêrtroch op it fiifde plak stean.
De Sofia Cup waard wûn troch de Nij-Seelanner Josh Junior.