Kampanje foar Oekraïne-referindum berikt Ljouwert

De lanlike kampanje achter it referindum oer it Europeeske ferdrach mei de Oekraine hat sneon ek Ljouwert berikt. Lokale frijwilligers stienen al klear om de bus mei ûnder oare kampanjelieder Jan Roos op te fangen en fansels te flyerjen. Ek hienen sy in hokje mei wêryn't de minsken foar in kamera har ferhaal dwaan koenen. De besite hat twa oeren duorre. Ien fan de wichtichste doelen is om minsken sa fier te krijen dat sy op 6 april stimme.
As de kiesdrompel fan 30 prosint net helle wurdt, is it referindum net jildich. It giet ek om in riejaand referindum, dat betsjut dat it regear net ferplichte is om wat mei de útslach te dwaan.