Drukkerij De Vries út Snits krijt predikaat keninklik

Drukkerij De Vries út Snits mei him tenei keninklik neame. Dat hat kommissaris fan de Kening John Jorritsma sneon bekend makke op de iepen dei fan it bedriuw. Dat wie sûnt 1974 al hofleveransier, mar kaam fanwegen de groei fan it bedriuw yn oanmerking foar it predikaat keninklik.
In hofleveransier spilet in wichtige rol yn de regio, in keninklik bedriuw stiet lanlik oan de top, is mear as in iuw âld en hat minstens 100 minsken yn tsjinst.
De Vries Snits rint de lêste jierren foarop yn de ferpakkingsyndustry wêrtroch de omset flink omheech gie en der mear minsken wurkje. Der steane no 128 minsken op de leanlist.