Brânwacht útriden foar ynstoarte tinte yn Frjentsjer

02 apr 2016 - 09:06

Mei in hurde knal is freedtejûn de grutte tinte op de Breedeplaats yn Frjentsjer ûnder it opsetten ynstoart. Ien fan de stielen kabels wêrmei de tinte omheech lutsen waard bruts ûnferwachts ôf, wêrnei de tinte mei in soad geweld nei ûnderen kaam. Der rekke net ien ferwûne. Der wurdt noch ûndersocht hoe't it ûngelok barre koe.

De brânwacht hat de tinte opromme. Der soe in moadeshow yn de tinte hâlden wurde. Riedslid Maarten de Bok fan de PvdA, dy't oan it plein wennet, makket him soargen oer de feiligens en hat fragen steld oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

Trefwurden: 
Frjentsjer brânwacht tinte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)