Kollum: ''Timboektoe''

02 apr 2016 - 08:59

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

''Us mem hat yn har libben nea yn it bûtenlân west. Ik gie foar it wurk nei Japan. En de bern sjogge op de fleanwinkelside dat je foar in euro nei Londen kinne en hupstee, se binne dêr al. En dan sit se wer yn Australië en Skype efkes mei pake, dy’t it allegearre ûnbegryplik fynt. Hy wit net dat de wrâld folle lytser wurden is. Wy wol. Stel, ik wenje yn Timboektoe. Net dat ik wit wer’t it leit, mar de fraach bliuwt. Soe ik dêr sá op de hichte brocht wurde fan de wûnders fan it skoandere lânskip fan Frysân, de rike kultuerhistoarje en de goarre oan eveneminten, dat ik dan fan Timboektoe op fakânsje nei Fryslân ta gean? Dat is nammentlik  wat we freegje fan Martin Cnossen, de nije en safolste baas fan Merk Fryslân. De organisaasje dy’t ek ûnder in grut tal oare nammen al jierren itselde wurk besiket te dwaan: set Fryslân op ‘e kaart. In kaart, dy’t ek troch bûtenlanners lêzen wurdt. Fryslân sichtber meitsje. Want dy bern út Timboektoe dy moatte net inkeld nei Londen, nee dy moat ek nei Aldehaske. As je Cnossen hearre, dan moat de lju yn Amsterdam oankomme en dan nei Fryslân ta treaun wurde, as je teminsten by Koarnwertersân lâns kinne en dan ek noch de boat nei It Amelân nimme, as dy teminsten net fêst rint yn de wûnders fan dy o sa fûl oanpriizge Waadsee.

Sjoch, en dan bin we der. Cnossen seit foarsichtich dat hy de lju nei Fryslân besiket te krijen en dat de ûndernimmers dan klear stean moatte om de lju ek goed te ûntfangen. Dat is sa linkendewei aardich better wurden, dat mei hinnebruie. Ja, je kin altyd wol seure, mar Cnossen seit terjochte dat ûndernimmers net allegearre op de earste rige sitte kinne. Dat hat wer mei jild of ynvestearring te krijen. Mar Cnossen hâldt him wol stil oer de oerheid. Logysk, want dy betellet him. Dy sliepende oerheid. It wie fan 'e wike wer te sjen. De sinne komt hjoed ús lân yn en ja hear, nije wike is der op alle grutte en lytse diken yn Fryslân omlieding en/of opûnthâld. It Fryske lân is werkenber. It stiet grôtfol giele buorden, alle TomToms bin yn betizing. Gemeenten hâlde gjin rekken mei de provinsje, de provinsje net mei ryk en gemeenten. De gemeenten net mei-inoar.  Dy gemeenten, we ha noch in stik as 25, hawwe allegearre ferskillende hichten fan toeristebelesting. Krekt as se yndertiid ferskil yn brêgejild hienen en hjir en dêr noch wol jild út de boaten fan de bûtenlanners fiskje. Watte, yn De Lemmer krije se no parkearmeters foar de boaten dy’t dêr yn it doarp lizze. Der komt net iens mear in fleurige havenmaster lâns dy’t al dy frjemden ek noch fertelle kin hokker kroech as se it bêste hinne gean kinne. Boateparkearmeters. Technokraten.

Gemeenten ha foarsjenningen net op tiid klear. Gemeenten lizze ûndernimmers sokke hobbels op, dat se feroardiele binne ta rige trije of fjouwer. Gemeenten litte te breed boere-ark en ridende suvelfabriken ta op harren dykjes, sadat dy ôfbrokkelje en sels dy man út Timboektoe dêr frjemd nei sjocht. Tsunami hân freget hy dan. We slute prachtige stikken lânskip ôf, dêr mei net in mins komme fanwegen de siësta fan de hillige skries. Meitsje dan in pear rûtes dat it wol kin. Mei syn allen. Mear gemeenten mei-inoar. As wy yn it bûtenlân binne gean we alderearst nei it VVV en it stiet dêr grôtfol. En wy smite it fuort. Dêr betelje we net oan mei as ûndernimmer, we ha genôch minsken op de camping. Dy’t foar it oare oer twa jier fanwegen rykdom sluten wurdt.

Likegoed sit elkenien fan 'e middei wer op it terras. De earste Dútsers hienen dêr al in pear dagen de brede bierpullen yn hannen. De eveneminten geane ek los, alles wat twa wike lyn fanwegen de rein net koe, is no ek. It is my wol goed. Martin Cnossen lokkigernôch net, want toerisme is ommers Fryslâns ynkommen en wurkgelegenheid. Dus hy sjocht fierder. Mar dêr oan de ein wurdt it dochs wat dizenich. Je sjogge Maly net iens lizzen. En dat is wol dêr’t Timboektoe leit.'' 

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)