Plysje pakt drankriders op yn Ljouwert en Snits

© ANP XTRA
De plysje hat freedtejûn yn Ljouwert en Snits ferskate drankriders oanhâlden. In 31-jierrige man út de gemeente Menameradiel foel op doe't er op de Poptawei fia in ferdriuwingsflak in auto ynhelle. De plysje sette de auto oan de kant. Al gau die bliken dat de man gjin rydbewiis hie. De man wie dêr al faker foar oanhâlden. Hy krige in proses-ferbaal foar it riden oer in ferdriuwingsflak en it Iepenbier Ministearje sil bepale wat foar straf hy fierder krijt.
In 37-jierrige drankrider út Ljouwert rekke syn rydbewiis kwyt. De man ried de Prins Hendrikstrjitte yn, wylst dy mei stapjûnen ôfsletten is foar auto's. Doe't de plysje de man in stopteken jaan woe, ried hy troch. Fytsplysjes giene achter de man oan en setten him oan de kant. De man siet mei tefolle drank op achter it stjoer.
Snits
De plysje yn Snits hat trije drankriders oanhâlden. It giet om in begjinnende bestjoerder fan Easthim, in 33-jierrige Warkumer en in 60-jierrige snorfytser út Snits. De lêste wurke net mei en bedrige de plysjes. De man moast mei pepperspray oanhâlden wurde. De Warkumer hie gjin rydbewiis en ried yn in auto dy't net fersekere wie. De man moast boppedat noch fjouwer dagen de sel yn.