'Terpen- en Wierdenland'-projekt úteinset yn Hallum

Yn Hallum is it projekt 'Terpen- en Wierdenland' úteinset. Yn it terpedoarp is in tydlik ynformaasjesintrum iepene yn de âlde biblioteek. Besikers kinne dêr ynformaasje fine oer de skiednis fan it doarp. Ek kinne se dêr eigen ideeën oandrage oer de leefberheid yn it doarp. It doel is om ynwenners fan it doarp te belûken by harren eigen skiednis.
Der waarden freed allegearre aktiviteiten organisearre yn it ynformaasjesintrum. Sa wie der in minikursus metaaldetektor sykjen, in minykursus grûnboarjen en in tentoanstelling oer Hallumer skatten.
De ynwenners binne tige optein oer it projekt. "Ik fyn it geweldich. It is in manier om Hallum wer even op de kaart te setten en de minsken derby te belûken", sa seit in ynwenner.