Streupers mooglik ferantwurdlik foar deade otters

Twa otters binne de ôfrûne wike op in fertochte wize dea rekke. It wiene sûne bisten dy't fûn waarden yn de Alde Feanen en de Rottige Meenthe. Earder dy wike binne der bûten Fryslân ek al twa otters fûn; dea, driuwend yn it wetter.
Ottersaakkundige Harrie Bosma fertrout de saak net. Ek omdat der ferline maitiid itselde barde yn Fryslân. Hy hat it idee dat der bisten yn fûken ferdronken binne omdat dit de tiid is wêryn't de iel wer begjin te rinnen en der wer op iel fiske wurdt.
Streupers
Omdat beropsfiskers yn gebieten mei in soad otters yn 'e regel maatregels nimme om foar te kommen dat de bisten yn de netten bedarje, tinkt Bosma dat mooglik fiskstreupers ferantwurdlik binne foar de dea fan de otters.