Postma hâldt sicht op poadium by striid om Sofia Cup

01 apr 2016 - 21:46

Finnsiler Pieter-Jan Postma hâldt sicht op in poadiumplak by de sylstriid om de Sofia Cup yn it Spaanske Palma de Mallorca. Postma waard freed fjirde en achtste en sakke dêrtroch fan it fjirde nei it fiifde plak yn it klassemint. Syn efterstân op de lieder yn it klassemint is te grut om noch earste te wurden. Hy makket noch wol kâns op it twadde of tredde plak.

Sneon is de ôfslutende medaljerace.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)