Premjêre It Swarte Goud yn it Frysk Lânbou Museum

01 apr 2016 - 19:12

De dokumintêrerige It Swarte Goud is freed yn premjêre gien. Yn it Frysk Lânbou Museum seagen sa'n 200 minsken nei de earste bylden fan de dokumintêre. Mear as in jier werom begûn Omrop Fryslân tegearre mei Het Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek in crowdfundingsaksje om in dokumintêrerige oer it Frysk hynder te realisearjen.

Fiif dielen

Keningshuzen oer de hiele wrâld hâlde fan it hynder, de bisten spylje sels yn Hollywoodfilms en ynspirearje keunstners en sirkusartysten ta spektakulêre foarstellingen. Yn fiif dielen besiket de dokumintêre 'It Swarte Goud' antwurd te krijen op de fraach wêrom't it Frysk hynder no sa bysûnder is.

Programmamakkers Piter Tjeerdsma en Albert Jensma binne tige grutsk op it einresultaat. It boek 'Het Friese Paard' fan Jorieke Savelkouls waard tagelyk mei de premjêre presintearre.

Snein 3 april fan 17.00 oere ôf is it earste diel, 'Fan alle tiden' alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje te besjen. Op NPO 2 is sneon 2 april om 15.30 oere en snein 3 april om 12.55 oere It Swarte Goud te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)