"Briedende see-earnen yn it Lauwersmargebiet"

See-earn
Der briede nei alle gedachten wer see-earnen yn it Lauwersmargebiet op de Sennerplaat yn it Fryske part fan it nasjonale park. Dat hat Steatsboskbehear befêstige by RTV Noord.
Der sit hieltiten ien fûgel op it nêst en dat wiist op brieden. Soks kin noch ferkeard ôfrinne, want ferline jier waaide it nêst fuort troch in maitiidsstoarm. It is de sânde kear dat de see-earnen briede yn it Lauwersmargebiet.