Twatal fan tolve jier ferantwurdlik foar brân Drachten

Brân by appartemint oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten © De Vries Media
Twa jonges fan tolve binne ferantwurdlik foar de brân begjin maart yn de Nachtegaalstrjitte yn Drachten. Troch dy brân rûnen trije apparteminten bot skea op en gie in motor yn flammen op.
De plysje kaam de jonges op it spoar nei oanlieding fan kamerabylden en nei it hearren fan tsjûgen. Se ha bekend dat se de motor, dy't tsjin de gevel stie, yn de brân stutsen ha. It fjoer sloech dêrnei oer nei de flat. It Iepenbier Ministearje moat noch in beslút nimme oer de eventuele ferfolging fan de twa fertochten.