Basisplak foar Bijker, Foppe twivelet noch oer middenfjild

Lucas Bijker krijt fan Hearrenfean-coach Foppe de Haan in basisplak foar kommende snein. Hearrenfean spilet dan út tsjin Roda JC. "Bijker is mear in keardel en hat it wol fertsjinne," sa seit De Haan. Oft dit ten koste giet fan Caner Cavlan, kin De Haan noch net sizze. "We bin der wat it middenfjild betreft noch net út."
Hearrenfean spile freed op de training mei Branco van den Boomen yn de basis. Dat soe dan ten koste gean fan Morten Thorsby, mar ek Cavlan is noch in opsje.
Opstelling
Yn de lêste wedstriid tsjin Heracles spile Cavlan noch as linksback. Foar it middenfjild liket de kâns grut dat St. Juste en Larsson wol spylje. Foar it lêste plak komme trije spilers yn oanmerking. Thorsby spile de lêste wiken hieltyd, mar it kin ek wêze dat Van den Boomen of Cavlan spilet.
Lange reis
Kerkrade is de fierste útwedstriid fan it seizoen: dik 300 kilometer. Dêrom reizget Hearrenfean sneon al rjochting Limboarch om dêr te oernachtsjen. Hearrenfean trainde dizze wike op it keunstgers, omdat yn it Parkstad Limburg Stadion ek keunstgers leit.
Mooglike opstelling: Mulder, Marzo, Otigba, Van Aken, Bijker, St. Juste, Van den Boomen, Larsson, Slagveer, Te Vrede en Zenelli.