Van der Goot: oars sjen nei libbenslang is trochbraak

It is in goeie saak dat minsken dy't libbenslang krigen ha nei 25 jier de kâns krije om yn de mienskip werom te kommen. Dat seit strafrjochtadvokaat Tjalling van der Goot. Kantoar Anker & Anker, dêr't Van der Goot wurket, stiet in oantal libbenslang strafte minsken by.
Steatssiktaris Dijkhoff wurket oan in wet dy't it mooglik makket om nei 25 jier selstraf te sjen oft graasje mooglik is. Neffens Van der Goot wurdt sa rjocht dien oan in útspraak fan it Europeesk Hôf yn Straatsburch. Van der Goot neamt de stap fan Dijkhoff in trochbraak.