Ljouwerter kabelbedriuw Gebroeders Pol bestiet 90 jier

01 apr 2016 - 09:58

It Ljouwerter famyljebedriuw Gebroeders Pol bestiet freed 90 jier. Yn 1926 begûnen de bruorren Pol as strjitmakkers. Yn it ferrin fan de tiid is dat ferskood nei it lizzen fan kabels, liedingen en no glêsfezelferbinings.

It giet goed mei it bedriuw. Op it stuit hawwe se 50 minsken yn tsjinst en in portefûlje fol opdrachten. Sa lizze se de kabels foar in grut datasintrum dat boud wurdt by Schiphol. It jubileum wurdt grut fierd mei in feest foar sakerelaasjes en meiwurkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)