Ferwûne by botsing yn Drachtster wyk de Drait

De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de botsing © Sicco Riedstra
By in ûngelok yn Drachten is freedtemoarn betiid ien persoan ferwûne rekke. Op de krusing fan de Overstesingel mei De Lauwers yn de Drachtster wyk De Drait botsten om healwei sânen hinne twa bedriuwsauto's opinoar. Meiwurkers fan in ambulânse hawwe de bestjoerders ûndersocht.
Ien fan harren is nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk nei de krekte oarsaak fan it ûngelok.