MCL probleemleas oer op nij ynformaasjesysteem

De oergong nei de nije elektroanyske wurkwize yn sikehûs MCL yn Ljouwert, is goed ferrûn. Tongersdeitenacht om tolve oere waard it âlde systeem útskeakele, wêrnei't alle apparatuer en alle systemen ien foar ien oan it nije systeem keppele waarden. Dat smiet gjin problemen op. Alle gegevens fan de pasjinten wurde registrearre yn it nije systeem Epic.
Meiwurkers hoege no noch mar ien kear nei dy gegevens te freegjen en dêrnei binne se yn it hiele sikehûs beskikber. Op termyn kinne pasjinten ek thús de gegevens ynsjen en ôfspraken meitsje.
Om de oergong op it nije systeem goed ferrinne te litten, waard tongersdeitemiddei om tolve oere in pasjintestop ynsteld. Pasjinten waarden ek net oerpleatst of ûntslein. Om tolve oere freedtemiddei wurdt dizze stop opheft.