Achtkarspelen: plannen foar needopfang gean foarearst troch

Der bliuwe foarearst plannen foar in AZC yn de gemeente Achtkarspelen. Dat waard dúdlik nei in lange gearkomste yn Bûtenpost wêryn't it kolleezje fan b. en w. de ried en ynwenners frege oer harren stânpunt foar flechtlinge-opfang yn de gemeente.
Mei in krekte mearderheid waard der in moasje oannaam fan de ChristenUnie en PvdA. Yn dy moasje stiet dat de gemeente ûndersykje sil oft en wêr't de opfang foar flechtlingen komme moat. Bedriuweterrein De Swadde by Bûtenpost en it Lauwerskwartier yn Surhústerfean binne de opsjes foar in needopfang.
Dêryn wurdt ek sjoen nei de mooglikheid oft de needopfang yn de takomst omset wurdt ta AZC. CDA, PvdA en ChristenUnie hienen mei 11 stimmen krekt in mearderheid. VVD, GBA en FNP hienen 10 stimmen tsjin. In twadde moasje dy't oannaam waard gong oer de ynvestearjen yn wenromte foar statushâlders yn de gemeente. Der wienen hast 300 minsken nei it gemeentehûs kaam om de diskusje te folgjen, ûngefear like folle as in wike lyn doe't ek al praten waard oer itselde ûnderwerp. Op in grut skerm koenen minsken dy't binnen gjin plakje krije koenen de diskusje bûten folgje.
It kolleezje sil ynkoarten in definityf beslút nimme.