Frije lotting werom op de PC

Der komt op de PC wer in frije lotting. Twa jier hat der foar de belangrykste keatspartij fan it jier in stjoerde lotting west, omdat ek de KNKB dy tapaste. Mar no komt der wer in ein oan. De PC hat de saak yntern bepraat en wie fan oardiel dat der wer gewoan lotte wurde moast foar de PC. Omdat dy partij keatst wurdt ûnder de regleminten fan de KNKB moast it keatsbûn wol akkoart gean mei it fersyk fan de PC.
Dat is no bard en sadwaande komme der op de moandei foar de PC wer gewoan 16 partoeren yn de grutte beker.
De Algemiene Gearkomste fan de KNKB hie tongersdeitejûn in posityf ferrin. De haadsponsor FB Oranjewoud hat wer foar in jier bytekene, der is in nij keatsblêd, "Keats", de website is fernijd en de begrutting slút mei in posityf saldo. Dochs warskôge KNKB foarsitter Wigle Sinnema derfoar dat it keatsen better ynspylje moat op de winsken fan it publyk.