Fuotballer Anthony Lurling nimt ôfskie fan it proffuotbal

31 mrt 2016 - 23:14
  • Anthony Lurling yn it shirt fan Hearrenfean yn 2001

Ald-SC Hearrenfeanspiler Anthony Lurling hâldt nei dit seizoen op as proffuotballer. De 38-jierrige Lurling spile yn mear as twintich jier hast 600 kompetysjewedstriden. De oanfaller kaam it lêste seizoen troch blessueres net in soad yn aksje.

Lurling wol fierder as trainer. Hy spile fan 1999 oant 2002 foar SC Hearrenfean en kaam yn it seizoen 2013-2014 koart werom nei it Abe Lenstrastadion. Neist SC Hearrenfean spile Lurling foar Feyenoord, NAC Breda, FC Den Bosch en 1. FC Köln.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)