"Keunst fan Jentsje Popma heart thús yn it Fries Museum"

De 94-jierrige keunstner Jentsje Popma fan Ljouwert fertsjinnet in grutte oersjochekposysje fan syn keunst. Dat hat galerijhâlder Jitse Sikkema tongersdei sein yn it programma Bynt op Omrop Fryslân.
Takom sneon iepenet Sikkema yn syn Galerij Buitengewoon yn De Wylgen de tentoanstelling 'It Fryske Lân'. Dêr binne wurken fan lânskipskeunster Popma te sjen, mar ek fan keunstners Douwe Elias, Janneke Hengst, Sjoerdtje Hak en Klaas Werumeus Buning, dy't lyk as Popma in grutte leafde hawwe foar it Fryske plattelân.
Fryske natoer fêstlizze op doek
Popma makke goed 200 skilderijen fan de Fryske natoer en diken, om't hy it Fryslân fan syn jeugd fêstlizze woe. Dêr is troch it moderne libben neffens him hast neat mear fan oer. Hy skonk foarich jier al syn wurk en syn galerij oan stichting Nijkleaster fan Jorwert, sadat dy harren plannen útfiere kinne.
Betsjutting
Sikkema fynt dat Popma fan grutte betsjutting west hat foar de Fryske keunst. "It wurk fan Popma heart eins thús yn it Fries Museum. Hy is de earste dy't mei dizze filosofy Fryslân fêstlein hat. It is skande dat ien blykber earst ynternasjonaal trochbrekke moat -lykas sir Lawrence Alma Tadema- foar't Fryske keunstners in eigen tentoanstelling krije. En dat wylst der safolle talint yn Fryslân oanwêzich is. Dêr kin ik my bot oan steure."
Fries Museum
Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum seit dat der mar beheind romte is foar grutte oersjochtentoanstellings. "Wij maken pas een expositie als een kunstenaar zich ook in het buitenland heeft bewezen, of wanneer deze de Gerrit Bennerprijs heeft gewonnen." Yn 2017 wurdt de folgjende Gerrit Bennerpriis wer útrikt foar it folsleine oeuvre fan in Frysk keunstner.