Studinten en starters toane soad animo foar nije lofts

31 mrt 2016 - 19:38
  • Yn dit gebou komme 82 lofts

Yn it eardere kantoargebou fan it ministearje fan Lânbou yn Ljouwert komme 82 lofts. Dy binne bedoeld foar starters op de wenningmerk en foar studinten. De lofts wurde ûntwikkele troch DuurzaamWonen.nl, in gearwurkingsferbân foar duorsum wenjen.

De lofts wurde duorsum, mei bygelyks heechrendemintstsjettels en isolearjend glês. Der is al in soad belangstelling foar. Der binne sa'n 400 minsken dy't al oanjûn hawwe dat se graach in studio of in loft ha wolle yn it sintrum fan Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)