Blomskikster Dini Holtrop yn it spier foar EK blomsierkeunst

31 mrt 2016 - 18:48

Dini Holtrop fan It Hearrenfean set takom sneon ôf nei Italië foar it EK blomsierkeunst. Yn twa dagen tiid moat se dêr seis gigantyske blomkeunstwurken meitsje. Op it stuit is se drok dwaande mei de lêste tariedings.

Holtrop hat in blommewinkel op It Hearrenfean en is al in healjier yn al har frije oeren dwaande mei de tariedings foar it EK. Ferline jier wûn se de lanlike titel. Op 7 en 8 april fynt de Europeeske wedstriid plak yn Genua. It tema is 'Italiaanske brulloft'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)