Allinnichsteande âlden komme yn 'e knoei troch belesting

31 mrt 2016 - 17:27

Fryske allinnichsteande âlden komme yn 'e skulden troch in mooglike flater fan de belestingtsjinst. Neffens guon froulju kamen sy oant en mei 2014 yn oanmerking foar in finansjele regeling, de saneamde 'Alleenstaand Ouderkorting'. Hoewol't dy regel sûnt 2015 skrast is, koe de bydrage dêrnei dochs noch oanfrege wurde en waard dy ek útbetelle.

No moatte sy it útkearde bedrach, dat gauris yn 'e tûzenen euro's rint dochs werombetelje. Faaks giet it hjirby lykwols om froulju út kwetsbere groepen, dy't al finansjele swierrichheden hawwe.

Finansjele noed

Guon fan harren komme troch de hiele gong fan saken no ûnder bystânsnivo terjochte. Somtiden kinne de belutsen froulju dêrtroch de hier fan harren wenten net mear opbringe en driget útsetting. In troch de belestingtsjinst neamde kompensaasjeregel, it saneamde 'Kindgebondenbudget,' soe neffens de belutsen froulju gjin oplossing biede.

Politike stappen

Fakbûnen FNV en CNV en soarchkoöperaasjes lykas Amaryllis yn Ljouwert roppe frouju, dy't op dizze wize dupearre wurde op om har te melden. Sa kin meielkoar in oplossing socht wurde. Dêrby wurde stappen rjochting Den Haach net útsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)