Lieuwe Westra wint Driedaagse De Panne

31 mrt 2016 - 16:46

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje hat tongersdeitemiddei de Driedaagse De Panne wûn. Yn de ôfslutende tiidrit oer 14 kilometer makke Westra syn efterstân fan 12 tellen goed op lieder Alexander Kristoff fan Noarwegen.

It is de earste kear dat Westra dizze rittekoers wint. Yn 2011 en 2012 wie er alris twadde yn de Driedaagse fan de Panne. Foar Westra is it de twadde kear yn syn profesjonele karriêre dat er in rittekoers wint.

De earste kear wie yn 2009, doe't er de sterkste wie yn de Ronde fan Picardië yn Frankryk.

Yn de beslissende tiidrit waard Westra fjirde. De Poal Maciej Bodnar wûn, foar Tony Martin en Tom Bohli yn hast deselde tiid. Westra hie trije sekonden langer wurk. Yn it einklassemint waard Alexander Kristoff op trettjin sekonden twadde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)