Kommoasje yn Turns om de dongfergister fan famylje Schaap

Yn Turns is kommoasje en ûnrest ûntstien oer de dongfergister fan heit en soan Schaap. Neffens in aksjegroep soarget de fergister al jierren foar stankoerlêst yn de omjouwing, is hy fierstene grut en is der tefolle frachtferkear yn it doarp mei produkten foar ferwurking yn de fergister.
Oaren fine lykwols dat it allegearre wol tafalt en ha der fertrouwen yn dat it goed komt. Heit Sjoerd Schaap fersekeret dat hy der alles oan dwaan wol om de oerlêst tsjin te gean, mar derfoar hat hy in fergunning nedich fan de gemeente.
De aksjegroep wol dat de gemeente Súdwest-Fryslân de fergunning dy't der no leit net ferlinget.