Paolo Martina slim teloarsteld yn Kulturele Haadstêd

Museumdirekteur Paulo Martina © Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
Direkteur Paolo Martina fan Museum Drachten is slim teloarsteld oer it feit dat syn Dada-tentoanstelling yn it ramt fan Kultuerele Haadstêd 2018 net troch liket te gean. Martina hat te hearren krigen dat foar syn plan gjin jild is. Martina is lulk, hy hat al in protte tiid en jild yn de útstalling stutsen.
Martina tink dat de ôfwizing ek finansjele gefolgen foar syn museum ha sil. Ferline wike liet de organisaasje fan Kulturele Haadstêd witte dat fanwege te min sponsorynkomsten guon projekten skrast wurde moasten.
Foar ferskate oare projekten wurdt it budzjet foars nei ûnder bysteld. Yn it Ljouwerter muzyksintrum Neushoorn binne de belutsenen fan de ferskate projekten woansdeitejûn ynformearre oer de gefolgen fan de lytsere budzjetten by de Kulturele Haadstêd.