Earste fûgel-postsegels foar boargemaster Skylge

31 mrt 2016 - 14:04
  • It fûgelwachtershúske op Gryn

Boargemaster Bert Wassink fan Skylge krijt oare wike freed it earste postsegelfel mei dêrop tsien fûgels dy't op it eilantsje Griend libje. It giet ûnder oare om de klikstirns, de berchein en de eiderein. Keunstner Erik van Ommen hat de tsien fûgels foar de postsegels skildere.

Mark Jan Pieterse fan PostNL sil it earste postsegelfel oan de boargemaster oerlangje. Dat bart yn hotel Zeezicht yn Harns. Dyselde freed sette de fûgelwachters Date Lutterop en Giny Kasemier wer ôf nei Griend.

Sy soargje der foar dat de briedfûgels yn alle rêst harren jongen grutbringe kinne. It is it fyftjinde seizoen dat de fûgelwachters op Griend binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)