Oekraynske pianist Matsekh op kampanje yn Ljouwert

31 mrt 2016 - 12:44

De kampanjes foar it referindum oer it ferdrach mei Oekraïne binne folop oan de gong. Sa is de Oekraynske pianist Markiyan Matsekh op toer troch Nederlân om minsken te oertsjûgjen om foar it ferdrach te stimmen. Matsekh is bekend fan in foto út 2014 op it Unôfhinklikheidsplein yn Kiev. Dêr spile hy piano, wylst de oproerplysje klear stiet.

Matsekh spilet tongersdei piano op ferskate stasjons en freedtemoarn wie er yn Ljouwert. Matsekh spilet net allinnich piano, hy is ek graach ree om oer polityk te praten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)