Opnamestop yn sikehûs MCL fanwege nij pasjintesysteem EPIC

Sikehûs MCL yn Ljouwert hat tongersdei om tolve oere in folsleine opnamestop ynsteld. Dy duorret 24 oeren. Pasjinten wurde al dy oeren ek net oerpleatst of ûntslein. Spoedopnamen geane wol troch. De opnamestop hat te krijen mei it nije Epic-systeem dat it sikehûs freed yn gebrûk nimt, it elektroanyske pasjintedossier.
Yn de nije digitale omjouwing kinne pasjinten fan hûs út har eigen dossier ynsjen en ek online ôfspraken meitsje. Om de ynfiering fan it systeem goed ferrinne te litten, is it personiel al sûnt desimber yn oplieding.