Lieuwe Westra begjint as tredde oan de tiidrit yn De Panne

Lieuwe Westra © ANP
Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje begjint tongersdei as tredde yn it klassemint oan de lêste etappe fan de Driedaagse fan De Panne, in yndividuele tiidrit oer 14 kilometer. Westra einige yn de moarnsetappe yn it peloton. Hy moat yn de tiidrit 12 sekonden goed meitsje op lieder Alexander Kristoff út Noarwegen.
Dy waard tongersdei tredde yn de sprint en pakte dêrtroch nochris twa tellen ekstra oan bonifikaasje. Twadde stiet Aleksei Lutsenko, in ploechmaat fan Lieuwe Westra. De Fries hat de Driedaagse fan de Panne noch nea wûn.
Yn 2011 en 2012 waard Lieuwe Westra twadde yn it algemien klassemint.