Noch gjin antwurd Schippers op keamerfragen Harkemase Boys

31 mrt 2016 - 12:01
  • Pernelly Biya en skiedsrjochter Gert Keijl nei it ynsidint

Minister Schippers fan Sport sjocht gjin kâns om binnen de stelde termyn antwurd te jaan op de fragen fan de keamerleden Tjeerd van Dekken (PvdA) en Ahmed Marcouch (PvdA) oer de oerwâldlûden op de tribune fan de Harkemase Boys. De keamerleden fregen op 9 maart oan minister Schippers hoe faak soks no foarkomt op de fjilden fan it amateurfuotbal.

Ek wolle de Twadde Keamerleden witte oft der ek belied komme moat om sokssoarte fan rasistyske uterings oan te pakken en, noch better, te foarkommen.

Fan in minister wurdt ornaris ferwachte dat dy binnen trije wiken antwurd jout, mar Schippers hat der yn dit gefal mear tiid foar nedich. Se seit wol ta dat se hjir sa gau mooglik op weromkomme sil.

Oanlieding foar de keamerfragen wie in ynsidint by de fuotbalwedstriid Harkemase Boys tsjin VVOG út Hurderwyk. By dy wedstriid makke in taskôger apelûden yn de rjochting fan VVOG-spiler Pernelly Biya. Dy die in pear dagen letter ek oanjefte fanwege rasisme. Beide fuotbalklups hawwe it ynsidint feroardiele.

Der is de lêste moannen geregeld diskusje oer wat in skiedsrjochter dwaan moat yn sokke gefallen. Guon minsken fine dat in wedstriid dan altiten stillein wurde moat, mar oaren fine wer dat soks te fier giet. Boppedat heart in skiedsrjochter sokke sinjalen ek net altiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)