Aksje yn Twadde Keamer foar doarpsmûne Reduzum

31 mrt 2016 - 11:36

Minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken moat syn bêst dwaan, sadat der dochs in nije doarpsmûne yn Reduzum komme kin. Dat sizze keamerleden fan de PvdA, wêrûnder Lutz Jacobi, yn skriftlike fragen. Reduzum hat al jierren in doarpsmûne, mar de âlde is oan ferfanging ta. It doarp wol in nije, hegere mûne.

Deputearre Steaten wurkje net mei. Yn it koälysjeakkoart stiet dat der gjin nije wynmûnen op it fêste lân komme meie en dêr wurdt oan fêstholden. De Twadde Keamerfraksje fan de PvdA freget de minister no om aksje te ûndernimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)