Baantjer-modelbaan yn Modelspoor Museum Snits

Model fan Dokkumer Lokaaltsje yn Modelspoarmuseum Snits © Henk Bootsma
It Nationaal Modelspoor Museum yn Snits iepenet moandei de Baantjer-modelbaan. Appie Baantjer wie skriuwer fan de boeken oer ynspekteur De Cock. Neist skriuwer wie Baantjer ek bekend as leafhawwer fan modelspoartreinen. Hy kaam ek geregeld nei it museum yn Snits. Doe't er yn 2010 ferstoar hat er syn grutte kolleksje rails, treinen en oare attributen neitlitten oan it Snitser museum.
De iepening fan de Baantjer-modelbaan wurdt dien troch akteur Peter Tuinman en wethâlder Mirjam Bakker fan de gemeente Súdwest-Fryslân.