Bestjoerder swier ferwûne en auto midstwa by Broeksterwâld

31 mrt 2016 - 09:47

Op de Haadwei yn Broeksterwâld is tongersdeitemoarn in slim auto-ûngelok bard. De helptsjinsten rukten tsjin 9 oere massaal út foar in iensidich ûngelok, wêrby't de auto midstwa bruts. It achterste part fan de auto mei de swier ferwûne bestjoerder bedarre yn in sleat, de foarkant fan de auto rekke los en leit op de dyk.

Ek de traumahelikopter kaam nei Broeksterwâld foar it ferlienen fan earste help. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend, de Haadwei is ôfsletten foar it ferkear.

It slachtoffer fan it ûngelok is neidat er út it autowrak helle waard mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
ûngelok midstwa
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)