Plysje fynt by De Tynje jonge (17) dy't fuortrûn yn Grins
Op De Heawei by De Tynje hat de plysje woansdeitejûn in 17-jierrige jonge út Grins oanhâlden. De jonge hie in mes by him. By neier ûndersyk die bliken dat de jonge útnaaid wie fan in jeugdynstelling yn de stêd Grins.
De plysje hat de jonge dêr wer hinnebrocht. De jonge krige wol in bekeuring.