OpsterLanders fierder as GroenLinks-Opsterlanders

De partij OpsterLanders yn de gemeente Opsterlân feroaret syn namme yn GroenLinks-OpsterLanders. Dy wurdt brûkt mei yngong fan de gemeenteriedsferkiezings fan 2018. Dizze riedsperioade wurdt noch de namme OpsterLanders brûkt.
Mei de nije namme wurdt neffens de partij dúdliker wêr't de partij foar stiet. Ek is de namme GroenLinks-OpsterLanders better werkenber foar de ynwenners, mient de partij. No sneon wurdt de nije namme offisjeel presintearre. Foar de nije partijnamme is ek in nij logo makke.