Grutte opdracht De Waard Grondverzet oan A6 by Almere

31 mrt 2016 - 06:45
  • De A6

Grûn-, dyk- en wetterboubedriuw De Waard Grondverzet út Snits hat in grutte put binnenhelle. It bedriuw mei it folsleine grûnwurk en transport útfiere foar de dykferbreding fan de A6 by Almere. It budzjet foar it projekt leit op sa'n 30 miljoen euro.

De Waard sil it wurk útfiere mei tal fan oare bedriuwen. Mooglik moat it bedriuw ek ekstra minsken oannimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)