Dochs thússoarch Antoniussoarchgroep yn súdwestlik Fryslân

© Omrop Fryslân
De Antoniussoarchgroep giet dit jier troch mei de thússoarch yn it súdwesten fan de provinsje. De soarchgroep tsjinnet it WMO-kontrakt mei de gemeente Súdwest-Fryslân dat earder opsein waard, dochs út. Ferline jier novimber waard dat opsein, om't it net kostendekkend wêze soe. De Antoniussoarchgroep woe opnij ûnderhannelje.
No't dúdlik is dat it Ministearje fan Folkssûnens de plannen foar it fernijen fan de thússoarch stipet, is der mear romte by de soarchgroep. De thússoarch kin dit jier dan ek garandearre wurde.
Koade
Der is mear romte kaam, om't it ministearje gemeenten driuwend advisearret yn te stimmen mei de nije 'Code Verantwoordelijk Marktgedrag Thuisondersteuning'. Dy moat foarkomme dat minsken dy't soarch nedich binne, de dupe wurde fan de striid om in sa leech mooglike priis. Mocht de gemeente Súdwest-Fryslân de koade net stypje, dan seit de Antoniussoarchgroep it kontrakt dochs op.
Finansjele stipe
Om de fernijingsslach yn de thússoarch te meitsjen - it giet dan om in oare wirze fan wurkjen - freget de Antoniussoarchgroep om ekstra jild fan Súdwest-Fryslân. Fierders wol de groep in berop dwaan op in spesjaal jildpotsje foar fernijing. It kolleezje fan b. en w. fan Súdwest-Fryslân wurket yn gearwurking mei it kolleezje fan Littenseradiel oan in reaksje op de hânrikking fan de soarchgroep.