UNIS Flyers wurdt freed huldige op It Hearrenfean

30 mrt 2016 - 21:09
  • Bekerwinner UNIS Flyers

De iishockeyploech fan UNIS Flyers wurdt no freed huldige foar it winnen fan de Nederlânske beker en it lânskampioenskip. De festiviteiten binne yn restaurant De Koningshof op It Hearrenfean. Se binne foar elkenien frij tagonklik.

It ôfrûne jier is de bekendheid fan de klup grutter wurden. Neffens de Flyers komt dat benammen troch it grutte tal lokale spilers yn it earste team. Ek it tal besikers by de wedstriden is omheechgien, krekt lykas it tal jeugdleden. Op de huldigingsjûn sille ek de jierlikse spilers-awards útrikt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)