Oerbleaune peaskesûkelade fynt goed plak yn âldereintehûs

De peaskesûkelade dy't oer is by Le Bonbon yn Gytsjerk hat in goed plak krige yn twa âldereinsintra. Presintator Arjen Overmaat frege him yn syn programma Muzyk yn Bedriuw ôf wat der mei de oerbleaune peaskeguod bart en hy frege it oan Le Bonbon yn Gytsjerk. De meiwurker wist it net en woe it mar oan in goed doel jaan. Minsken koene delkomme as se in goed plak wisten.
Meiwurkers fan âldereinsintra yn Dokkum en Harns hawwe harren doe melden en krigen beide swiet guod mei.
Dongeraheem yn Dokkum krige in grutte hazze fan sûkelade, de Spiker yn Harns krige in grutte hin. Fokje Dijkstra-Schreiber en Tamme Wouda fertelden woansdei yn it programma De Middei fan Fryslân op Omrop Fryslân Radio hoe't it ôfrûn is.