Warskôgingsbuorden tsjin spûkriden by Goutum

Der wurde ekstra buorden pleatst by de wurksumheden oan de Oeriselskeleane by Ljouwert, om foar te kommen dat der opnij spûkriders komme. It giet om it stik dyk fan de McDonalds by Goutum nei de oansluting mei de Heak om Ljouwert. Dêr binne twa rydbanen de stêd út, mar dy lizze net njonkenelkoar. Ien leit efter it tankstasjon del, de oare giet oer in stik fan de âlde dyk, dêr't ek it ferkear de stêd ynkomt.
Op dat plak is woansdei in spûkriders sjoen, dy't net wiis wurde koe út de strepen en de buorden dêr.
De eastlike rydbaan fan de Oeriselskeleane is earder al oanpakt. No is de westlike rydbaan oan bar. Ein maaie moat it wurk klear wêze.