Ryksstrjitwei Hurdegaryp-Quatrebras twa dagen ôfsletten

It autoferkear tusken Hurdegaryp en Quatrebras moat op tongersdei 14 en freed 15 april rekken hâlde mei in grutte omlieding. De N355, better bekend as de Ryksstrjitwei, dy't rint tusken beide doarpen is op dy dagen ôfsletten foar it ferkear. Dat hat te krijen mei it wurk oan de Sintrale As.
It autoferkear moat omride oer Damwâld, Dokkum en Aldtsjerk. Fytsers kinne oer Hurdegaryp en de Simmerdyk ride. It busferfier wurdt op dy dagen ek oanpast.
De ôfsluting is nedich om it nije fiadukt yn de Ryksstrjitwei oan te sluten op de besteande dyk. De ôfsluting jildt fan tongersdei 14 april fan 6 oere jûns, oant freed 15 april tsien oere jûns. Buspassazjiers wurdt oanret om de webside fan Qbuzz en Arriva yn de gaten te hâlden foar oanpaste tiden en rûtes.