Balk wol leechstân oanpakke troch sloop gebouwen yn sintrum

Balk wol de leechstân yn it sintrum fan it doarp oanpakke. De gemeente De Fryske Marren en de provinsje hawwe in ûndersyk dien nei de takomst fan it doarp en hoe't de leefberens bewarre bleaun wurde kin. Pleatslik Belang Balk Vooruit woe dat it ûndersyk dien waard.
De wichtigste útkomst is dat de saken konsintrearre wurde moatte yn it sintrum fan it doarp. Dêrneist sille guon net karakteristike gebouwen miskien wol sloopt wurde moatte. Dat liket in botte maatregel, mar it is wol nedich, seit Wytse Bouma fan Pleatslik Belang.
De maatregels soene in nije start foar it doarp opsmite moatte. Ut it undersyk komt ek nei foaren dat Balk yn de kommende jierren mei leechstân te meitsjen krijt. It oanbod fan winkels is grutter as de fraach, sa docht bliken.