Goed nijs foar Hearrenfeanfuotballer Simon Thern

Simon Thern © awfoto.nl
Hearrenfeanfuotballer Simon Thern is wer op wei werom. De Sweedske middenfjilder stiet al sûnt desimber ferline jier oan de kant mei in blessuere oan it ankel.
Thern krige woansdeitemoarn posityf nijs fan syn dokter yn it AMC yn Amsterdam. "De enkel ziet er goed uit, zelfs beter dan de professor verwachtte," seit Thern op de klupwebside fan SC Hearrenfean. "Mijn enkel is nog wel een beetje stijf en gevoelig maar ik kan sinds kort weer normaal lopen." De hoop is dat Thern yn augustus wer fit is om te spyljen.