Jorrit Bergsma ferlinget kontrakt by Team Clafis

30 mrt 2016 - 15:35

Reedrider Jorrit Bergsma bliuwt oant en mei 2019 by it Team Clafis. Dat betsjut dat de Boarnster oant it seizoen nei de Olympyske Spelen fan 2018 yn Pyeongchang by it team bliuwt.

De kontraktferlinging is it ôfrune wykein rûn makke. "Ik haw mei meardere partijen praat. Mar as je oerstappe nei in oare ploech, rinne je altyd in risiko. Ik haw altyd ûnder Jillert riden en haw my elts jier ferbettere", fertelt Bergsma, dy't njonken it langebaanriden ek maratons rydt.

In oare saak dy't wichtich is foar Bergsma, is dat by Team Clafis de kommende jierren minder reedriders ûnder kontrakt stean as it ôfrune seizoen. Dêrtroch komt der foar de riders mear persoanlik omtinken. Dêr is de Olympysk kampioen op 'e 10 kilometer bliid mei: "It is in taktyske sport en dan is it wichtich om in soad persoanlik omtinken fan de coaches te krijen."

Earder hie Heather Bergsma-Richardson, Jorrit syn frou, har kontrakt by Clafis al ferlinge. Dêrnjonken lizze ek Irene Schouten, Niels Mesu, Evert Hoolwerf, Carien Kleibeuker, Simon Schouten en Arjan Stroetinga foar takom seizoen fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)