Socht: Dielnimmers 4e edysje Meet & Eat Ljouwert

Foar de fjirde edysje fan Meet & Eat foar flechtlingen yn de needopfang yn Ljouwert, is de organisaasje op syk nei gastgesinnen. Op sneon 23 april kinne de flechtlingen wer by Friezen thús ite.
Op it stuit wenje der 335 minsken yn de needopfang. In grut part fan har komt út Syrië, oaren komme út Afganistan of Eritreä.
De foarige trije edysjes fan Meet & Eat wiene in grut súkses. De flechtlingen en de gastgesinnen wiene entûsjast oer it persoanlike kontakt. Gastgesinnen kinne har opjaan fia de webside fan de stichting Present.