Martijn van Dam: Ynnovaasje is essinsjeel foar de lânbou

Ynnovaasje is essinsjeel foar de takomst fan de Nederlânske lânbou. Dat sei steatssiktaris Martijn van Dam tiisdei op de Europeeske lânbou-ûntfangst fan Jan Huitema yn Den Haach. Huitema is dizze wike trije dagen op stap mei de Europeeske lânbou-kommisje lâns in searje ynnovative lânboubedriuwen.
Europarlemintariër Huitema tinkt dat it ynnovatyf ferwurkjen fan stront - troch dêr keunstmest fan te meitsjen - it strontprobleem op boerebedriuwen oplosse kin. Van Dam wol safier net gean; de fosfaatregels fan 2018 geane troch lykas ôfpraat.
Oare oanpak
Van Dam sjocht wol wat yn in oare oanpak foar it strontprobleem, mar neffens him is dat earder wat foar de langere termyn foar 2020 en letter. Nederlân is bûn oan Europeeske ôfspraken en kin dy net samar feroarje, sa seit de steatssiktaris. Van Dam komt yn maaie nei Ljouwert om de Dairy Campus, de grutte nije proefbuorkerij fan de lânbou-universiteit by Ljouwert, offisjeel te iepenjen. Dy Dairy Campus moat in wichtich sintrum fan lânbou-ynnovaasje wurde, mei ek in proefopstelling foar it oars ferwurkjen fan stront.
Rapport Huitema ferdielt Europarlemintariërs
De kollega-Europarlemintariërs fan Huitema fine de wurkbesite oan ynnovative bedriuwen yn Nederlân oant no ta tige nijsgjirrich. Herbert Dorfmann út Súdtirol yn Italië beskôget de Nederlânske lânbou-ynnovaasjes as in foarbyld foar syn heitelân, want dêr is de boerestân ek gauris wol wat konservatyf. Dorfmann stipet Huitema syn rapport oer ynnovaasje yn it Europeesk Parlemint. Mar der binne ek krityske lûden, benammen fan de lytse linkse partijen. Marco Zullo, ek út Italië, fynt dat it rapport-Huitema tefolle romte jout oan it genetysk feroarjen fan gewaaksen. Hy is dêr op tsjin en sil sadwaande nei alle gedachten tsjin Huitema syn rapport stimme.
Maklikler ynnovaasjes trochfiere
Huitema fynt it sels posityf dat safolle Europarlemintariërs meidogge oan de trijedaachse wurkbesite. Ek de dialooch mei de kritisy fynt er tige de muoite wurdich. De mearderheid yn it Europeesk Parlemint sil neffens Huitema net yn gefaar komme. Hy rekkenet op in romme mearderheid. As it rapport oannommen wurdt, wurdt it yn de takomst makliker foar boerebedriuwen om ynnovaasjes troch te fieren dy't no noch troch Europeeske regels beheind of sels opkeard wurde.